logo

One Page

Quote01aFR
Op 18 maaie wurdt Evert Jan Sijbesma berne yn it Fryske Tsjummearum. Evert is ien fan de sân bern út it gesin fan Jan en Anne Sijbesma. Fanôf dat er lyts wie, woe Evert altyd al oaren helpe. “In bysûndere leave en sosiale jonge,” seit syn âldere broer Sybe fan him.

Afbeelding_Tzummarum001 

RWKM421





Wurkje foar Dutslan
Ek de Dútsers roppe mannen op om foar harren te wurkjen. Krekt as in protte oaren wol Evert dit net. Yn’t begjin kin er oerdeis noch syn wurk dwaan, mar letter slagget dat net mear. It risiko om troch de Dútsers oppakt te wurden, wurdt foar him te grut.




Evert Sijbesma foto’s

Foto’s fan Evert Sijbesma en de famylje Sybesma út it Fryske Tzummarum. En foto’s fan de Binnenlânske Striidkrêften.










underduke

Evert dûkt ûnder op de buorkerij fan de famylje Jacobi yn it Fryske Feanwâlden. Oerdeis wurket er dêr op ´e pleats en nachts is er dwaande foar de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Fansels docht er dit yllegaal, de Dútsers meie hjir neat fan witte. Dêrtroch krige er de skûlnamme “Bouke Kingma”.

speld3 





kranten





Radio Oranje
Yn’t begjin bringt er foaral noch yllegale folders en posters rûn, mar as op 8 april 1945 op radio Oranje “De fles is leeg” te hearen is, is dat de wink dat de befrijers der oankomme. Dêrnei geane de Binnenlânske Striidkrêften wegen en it spoar sabotearjen om de Dútsers safolle mooglik op te kearen.

Nearne yn Nederlan hawwe de leden fan de binnenlanske striidkreften sa effektyf wurke as yn Fryslan







bewekking stasjon
De Binnenlânske Striidkrêften besette foaral strategyske plakken. Evert is binnen de striidkrêften tegearre mei syn kollega Tjalling Talma hoeder oer in wetterpompstasjon. De wetterfoarsjenning fan hiel Fryslân kin yn gefaar komme as de Dútsers it sabotearjen geane.


Afbeelding_Waterleiding 

Afbeelding_Canadesen





earste Kanadees
Yn earsten is it allinne mar wachtsjen, , mar letter heare se yn ‘e fierte mitrailleurskotten. Nei’t se langer wachtsje, komme de skotten tichterby. Binne it de Kanadezen ? As mooglik Dútsers? Ut in militaire auto klattert in mantsje mei read hier en in lytse snor, de earste Kanadees!




auto tichterby
Sa komme der dy middeis mear Kanadezen lâns. Letter op ‘e jûn komt der in auto tichterby. Om’t de bestjoerder Hollânsk praat, litte se de wein tichterby komme. Dan wurdt der sketten.

Afbeelding_Jeep






Quote02FR







15 april 1945

Tjalling wurdt yn syn skonk rekke, Evert yn ‘e búk. De oare moarns op 15 april is Evert oan syn ferwûnings ferstoarn. Hy wie noch mar 26 jier âld. Dyselde deis lit ek syn maat Talma it libben.

De oare deis is it befrijingsfeest yn Fryslân.








Betocht
Evert Sijbesma wurdt op ferskate wizen betocht.

Op it plak fan it pompstasjon yn Noardburgum is noch hieltyd in pompstasjon foar drinkwetter fan de NF Wetterlieding Fryslân. Yn de hal fan it stasjon is in betinkingsplakette te sjen.

Yn it Frysk Museum yn Ljouwert is in betinkingsmuorre makke. Hjirop steane alle Fryske fersetsstriders dy’t yn ‘e oarloch it libben litten ha.

Yn Tsjummearum hat in strjitte de namme fan Evert Sijbesma krigen, de EvertSijbesmastrjitte.

Op de kaart hjirûnder binne de ferskillende lokaasjes te finen.

wit
It grêf fan Evert Sijbesma kin men fine op it tsjerkhôf fan Tsjummearum. It grêf is in Nederlânsk Oarlochsgrêf en hat in smelle pylder fan twa meter heech, oan ‘e boppekant in útbylde flam en de Nederlânske liuw mei as namme ”Toortsen branden op de terpen”.

Op de zuil stiet de tekst
Quote10FR